De NachtRider hat in tige sportive auto. Dat kinne jo al in bytsje sjen oan de koplampen. En hy moat bekenne, sa út en troch wol er it gaspedaal wolris djip yntraapje, bygelyks as er driget te let te kommen foar in kultureel barren dêr’t er in stikje oer tikke moat.
Mar, it moat sein wurde, hy docht fierder dochs aardich syn bêst om him oan de maks snelheden te hâlden. Op it foarste plak om’t soks wol sa relaxing wurket, don’t worry, be happy, witstwol. Op it twadde plak om’t er graach wol dat syn machtige 3.0 liter dochs sa min mooglik skealike útstjit produsearret. Yn it belang fan de skriezen en de ljippen en de bûterblomkes, dy’t likefolle rjocht fan bestean hawwe as de NachtRider syn one of a kind auto.
En by eintsjebeslút stiet it ek yn de bibel. Of oars hie it der yn stean moatten. Mar goed, yn dy tiden hiene se ek noch gjin 3.0 liters, lywols, lit ús dan ris sjen nei de ivige geast fan de tekst, of oars sein, nei Syn bedoelings dermei, en dan komme jo links- of rjochtsom dochs út op maks 120.
Hawar, CDA-deputearre Sietske Poepjes twittere neffens liwwadders.nl it folgjende:
“Fan ôf 1 septimber 2012 meist yn Fryslân op sneldyken 130 km/h ride. Ik tink in goed plan van @schultzvanhaegen.#trochride”.
Tsja. Lit ús earst ris sjen nei de formele kwaliteiten fan dizze frije mieningsutering. Dan kinne jo al in protte leare oer de persoan dy’t sa’n utering docht. “Fan ôf 1 septimber”, dat is bryk, briker, brykst. It moat wêze: “Fan 1 septimber ôf.” Mear as ien sneldyk, dan wurde it “sneldiken”, Sietske. En “van” is, jawis, ek goed, yn it Hollânsk dan.
De beroerde kwaliteit fan de formele kwaliteiten fan dizze offysjele provinsjale CDA-twitter-utering, en dat docht de NachtRider gjin nij, hat in streekrjocht ferbân mei de beroerde ynhâld derfan. Sietske “trochride” Poepjes is in populist dy’t hegerop wol, dat sil it wêze.
Har dûmny moat har mar ris efkes goed neisjen, tinkt de NachtRider. Bedoeld wurdt hjir fansels: ûnderhâlde oer rintmasterskip. Op ’e kreak, yn ’e banken of op it alter, it krekte plak komt der net sa op oan. En de provinsjale Audi moat mar ynruile foar in wytspuite deputearre-Twingo mei in troch de plysje deryn sleutele begrinzer. En tink derom, elke dei waskje. Mei spûnske en wetter út ’e kraan.

Mar net tefolle krityk hawwe op it taalgebrûk fan provinsjale politisy, foardat je it witte skriuwe se net mear yn it Frysk. Soks is faker foarkommen.
BeantwoordenVerwijderenMar dêr litte wy ús net troch út 'e greide jeie, Hindrik! De NachtRider soe him deaskamje as der sokke krityk kaam op syn Nederlânsk - wat er ek wolris prate en skriuwe moat. Mar mei dat Frysk komt it der net sa op oan, no? Sjoch, as provinsjale minsken werklik harren bêst dogge, dan kin it skoalmasterjen wol wat minder. Mar as se der mar wat mei de pet nei slaan, dan moatte se yn 'e hoeke.
BeantwoordenVerwijderenwy fan de FA sille soargje foar in kreaze wurdlist, staveringshifker, oersethelp en wat al net, dat sadwaande tenei elk dy't Frysk skriuwt al Frysk op papier hat ear't er it wit.
BeantwoordenVerwijderen